Cantece  > Ik Ha Dy Leaf
 
 
Cauta:     

Ik Ha Dy Leaf

ik wit net asto sist te wachtsjen op in freonlik wurd fan my as ik dy oprop in myn gedachten dan wurd ik sa bliid fan dy ik fiel it as ik dy foarby rin as ik dy sjoch dyn stim wer hear it sit in hundertûzen flinters dy't swiet swefe troch myn lea ik ha dy leaf myn hiele libben 't is folle mear as hâlden fan 't is krekt as asto in myn bloed sist en ik kin der neat tsjin dwaan dyn moaie eagen lykje marren ik kin der sa in ûndergean it is in bjusterbaarlik barren ik krij it ek fan 't Hearrenfean ik ha dy leaf, ik ha dy leaf ik ha dy leaf, wat moat ik sûnder dy 't binne mar fjouer lytse wurdsjes en al makket ús dat soms wat bang ik ha dy leaf wol âlve stêden lang ik fiel it moarns asto wer opstietst ik sjoch it yn in simmerske bui ik wurd al weak asto ris fourtgietst yn myn allermoaiste trui it is myn hân dy'st samar fêstpakst as wy kuierje lâns de feart it komt ek, en dat is no it frjemde troch soms hast hielendal neat ik ha dy leaf, ik ha dy leaf ik ha dy leaf, wat moat ik sûnder dy 't binne mar fjouer lytse wurdsjes en al makket ús dat soms wat bang ik ha dy leaf fjirtjen blommencorso's lang ik priuw it as ik dy in tút jou of asto laakest út alle macht ik sjoch it as der wer in stjer falt nei it wyld vrijen yn 'e nacht it is dy tinteling, dat bryske en dêrom bisto fan my as ik dy rinnen sjoch dan tink ik God der giet in ingeltsje foarby ik ha dy leaf, ik ha dy leaf ik ha dy leaf, wat moat ik sunder dy 't binne mar fjouer lytse wurdsjes en al makket us dat soms wat bang ik ha dy leaf twintich skutsjes lang ik sjoch twa âlde minsken hân in hân by de pc it is ien fan myn grutste winsken ik haw dy leaf, ek nei de AOW ik ha dy leaf, wat moat ik sûnder dy 't binne mar fjouer lytse wurdsjes en al makket ús dat soms wat bang ik ha dy leaf hûnderttsien keatsfjilden lang ik ha dy leaf, ik ha dy leaf myn hiele libben lang
Artist:  De Kast
 
Data:  14-11-2008
Vizualizari:  88

Comentarii la acest cantec

Comentarii Adauga un comentariu
Nu exista niciun comentariu adaugat inca.
Fii tu primul care comenteaza